80 jonge skriezen by Koudum

06 jul 2012 - 12:46

Yn it greidefûgelgebiet de Heanmar by Koudum binne it ôfrûne briedseizoen in soad jonge skriezen fleanfluch wurden. De njoggentich briedpearen hawwe mei-inoar tachtich jongen grutbringen kinnen en dat is bysûnder heech, seit terreinbehearder Steatsboskbehear.

Dat de jonge skriezen grut groeie koene, komt foaral trochdat se net folle lêst hiene fan har natuerlike fijannen. Neffens Steatsboskbehear is der yn de Heanmar sprake fan bysûnder goeie omstannichheden foar skriezen.

(advertinsje)