Gjin nije sporthal yn Dokkum

06 jul 2012 - 12:18

In miste kâns. Sa neamt wethâlder Pytsje de Graaf fan Dongeradiel de kar fan de gemeenteried fan tongersdei foar it opknappen fan de ferâldere sporthal De Trimmer yn Dokkum. B. en w. wie foarstanner fan de bou fan in nije sporthal oan de oare kant fan Dokkum yn it Tolhúspark. Dêr soe de nije sporthal in moaie kombinaasje foarmje mei skoallen, sportfjilden en it swimbad.

De gemeenteried fûn it plan te djoer en helle dêr tongersdei in streek troch. Wethâlder Pytsje de Graaf fynt dat bysûnder spitich.

(Advertinsje)
(Advertinsje)