Keninginne op Sleattemermar

06 jul 2012 - 12:08

Nei Heech en Wâldsein makket no Balk him op foar de komst fan keninginne Beatrix. Dy bringt freed in wurkbesite oan de Súdwesthoeke fan Fryslân. Dêrby wurdt se ûnder oare bypraat oer de gemeentlike weryndieling yn it gebiet en de krimp dêr't it plattelân mei te krijen hat.

Yn Balk komt se oan mei salonboat Gaasterland, nei in fartocht oer de Sleattemermar. De dei wurdt ôfsletten mei in demonstraasje fierljeppen yn It Heidenskip en in rûnlieding troch de stêd Warkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)