Provinsje komt mei kultuernota

It provinsjehûs yn Ljouwert
De provinsje Fryslân kiest foar sterke ynstellings op it mêd fan taal- en kultuerbelied. Dat stiet yn de haadlinen fan de nije nota kultuer, taal, ûnderwiis dy't de provinsje tongersdei presintearre oan belanghawwenden.
Ynstellings as AFUK en Tresoar hiene by de provinsje oanjûn dat it lestich is om belied te meitsjen as je ôfhinklik binne fan tydlike projektsubsydzjes. De ynstellings moatte wol gearwurkje en besykje om de overhead te beheinen. De folsleine nota wurdt ein augustus iepenbier makke.
De provinsje freget de organisaasjes dêr't in subsydzjerelaasje mei bestiet om foar 1 oktober harren mearjierreplan by de provinsje yn te leverjen. Guon organisaasjes hawwe oanjûn dat se dy termyn oan de koarte kant fine. By de nije nota heart in jierbudzjet fan 2 miljoen euro it jier. Hjirfan is 3 ton ornearre foar in nij taal-, kultuer en ûnderwiisfûns.
De nije 'yntegrale' nota komt yn it plak fan mar leafst sân âlde nota's op it mêd fan taal, streektalen, media, kultuer en ûnderwiis. Yn de haadlinen steane ek ferskate ambysjes op it mêd fan taalbelied. De provinsje wol bygelyks de taaloerdracht fan de streektalen yn Fryslân fuortsterkje en der fierder foar soargje dat eltsenien goed Frysk leart op skoalle.