Dosint Bogerman krijt dien

06 jul 2012 - 10:49
Bogerman Koudum

De dosint fan it Bogerman College yn Koudum, dy't earder skorst waard fanwege wat de skoalle grinsoerskriedend gedrach neamde, hat dien krigen. De dosint waard yn april fan dit jier nei hûs stjoerd. Wat der krekt bard is, wol de skoalle noch hieltyd net sizze.

Neffens de skoalle is der in fertrouwensbreuk en kin de dosint dêrom net foar Bogerman wurkjen bliuwe. De kantonrjochter hat de skoalle dêr gelyk yn jûn. It Iepenbier Ministearje besjocht op it stuit oft der ek in strafsaak tsjin de man komt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)