Twa himpynfallen yn Ljouwert

Himp © Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdei op twa plakken yn Ljouwert in ynfal dien yn ferbân mei himptylt. Oan de Peter Stuyvesantwei yn de stêd waard in man fan 46 oanhâlden. Hy hie in tinte yn hûs dêr't himp yn ferboud waard. Hy tape ek yllegaal stroom ôf.
By in bedriuw oan de Apollowei yn Ljouwert waard in himpdroegerij ûntdutsen. Dêr waard in dikke twa kilo oan himp fûn. Der waard in man (50) út de stêd oanhâlden. De apparatuer en planten binne yn beslach naam. Yn in hûs oan de Wâlden yn Terwispel waarden yn twa seekonteners 800 himpplanten fûn.