Zonderland nei testevent Londen

11 nov 2011 - 16:50
Foto: Martin de Jong

Epke Zonderland liket wis fan dielname oan it testevent yn Londen. By dy foarkwalifikaasjewedstriid moatte Zonderland en Jeffrey Wammes útmeitsje wa't der nei Londen giet foar de Olympyske Spelen.

De Nederlânske Gymnastyk Uny hat freed de kwalifikaasje-easken foar it meidwaan oan de test bekend makke. Dêr falt út op te meitsjen dat allinnich Epke Zonderland en Jeffrey Wammes oan de easken foldogge. Dat it tusken dy beide mearkampers gean sil, wie eins ek wol ferwachte.

Trefwurden: 
Epke Zonderland
(Advertinsje)
(Advertinsje)