Man oanhâlden foar bedriging

06 jul 2012 - 09:57

De plysje hat tongersdei yn Easterbierrum in man (48) út dat doarp oanhâlden fanwege bedriging en mishanneling. De man hie by in rúzje in ynwenner (25) fan Seisbierrum slein en mei in luchtdrukwapen bedrige.

Dêrnei wie er fuortgien. De man waard by him thús oanhâlden en meinaam nei it buro. It wapen is yn beslach naam.

Trefwurden: 
beslach bedriging wapen slein
(advertinsje)