Beatrix yn Súdwest-Fryslân

06 jul 2012 - 09:50

Keninginne Beatrix bringt op freed 6 july in besite oan Súdwest- Fryslân. By dy besite steane fjouwer tema’s sintraal: duorsume plattelânsûntwikkeling, weryndieling, de problematyk fan de lytse wenkearnen en it Fryske Marreprojekt. De keninginne begjint har besite freedtemoarn yn Heech.

Yn Wâldsein stapt de keninginne oan board fan salonboat Gaasterland foar in fartocht nei Balk oer de Sleattemermar. Yn Aldemardum bringt se in besite oan de buorkerij fan de famylje Westra en der is ek in demonstraasje fierljeppen yn It Heidenskip.

Yn Heech wurdt de keninginne ynformearre oer de nije gemeente Súdwest-Fryslân en de nije weryndielingsgemeente De Friese Meren, dy’t yn 2014 klear wêze moat. Oan board fan salonboat Gaasterland wurdt de keninginne ynformearre oer it Fryske Marreprojekt. Yn Aldemardum wurdt de keninginne bypraat oer duorsume plattelânsûntwikkeling en ynnovative bedriuwsfiering. Yn Koudum besiket de keninginne multyfunksjoneel sintrum De Swel en sil der praat wurde oer de problematyk yn de lytse wenkearnen. De besite oan Súdwest-Fryslân wurdt ôfsletten yn Warkum, mei in koarte rûnlieding troch de stêd.

Omrop Fryslân jout fansels wiidweidich omtinken oan dy spesjale dei. De keninklike besite begjint om 10:00 oere en duorret oant likernôch 17:00 oere. Op ‘e radio is de besite de hiele dei te folgjen. Middeis fan 13:00 oere ôf komt Omrop Fryslân mei it lêste nijs yn de 1-minút-útstjoerings fan Hjoed. Jûns yn Hjoed wurdt der ûnder oare live sjoen hoe’t it giet by it fierljeppen yn It Heidenskip.

(advertinsje)