Harnzers fuotbalje op sneon

As de trije Harnzer fuotbalklups Harlingen, Robur en Zeerobben ta ien feriening fusearje, dan spilet it earste team tenei op sneon. Dat is it plan fan de trije bestjoeren fan de klups. De leden binne der tongersdeitejûn oer bypraat.
Der binne ek wol klups dy't, as se fuseare, kieze foar in twadieling, wêrby't der topteams op sneon én snein spylje, mar dat mislearret sa geregeld, dat de bestjoeren dat net sitten sjogge. Boppedat wolle se dat de jeugdspilers trochstreame kinne nei in alvetal dat op in nivo spilet dat heech genôch is.