Keamer: ophâlde mei JSF

06 jul 2012 - 06:49

In mearderheid yn de Twadde Keamer wol út it JSF-projekt stappe. Mei-inoar stemden 77 keamerleden foar de moasje om mei de dielname yn it projekt op te hâlden. Se fine dat Nederlân tefolle jild kwyt is oan it mei-ûntwikkeljen fan de JSF. Boppedat soe it te min opsmite. Nederlân hat sûnt 2002 dik 800 miljoen euro stutsen yn de ûntwikkeling fan de JFS. Yn ruil dêrfoar krige it opdrachten foar it bedriuwslibben.

Omwenners fan de fleanbasis yn Ljouwert binne tsjin de komst fan de JSF, omdat dy folle mear leven meitsje soe as de F16. De ûntwikkeling fan de JSF stiet oars wol los fan de eventuele oanskaf derfan. Dêr is noch gjin dúdlikheid oer.

(advertinsje)