Skoalle Frjentsjer dochs ticht

06 jul 2012 - 06:31

De Van Kleyenburgskoalle yn Frjentsjer ferhuzet nei in oare lokaasje. De gemeenteried fan Frjentsjerteradiel is it iens mei it plan fan ûnderwiisorganisaasje Radius, dêr't de skoalle ûnder falt.

Radius wol nijbouwe foar trije basisskoallen. Njonken de Van Kleyenburgskoalle soene ek de iepenbiere basisskoalle de Fûgelflecht en de kristlike skoalle Korendrager op de nije lokaasje komme moatte. No't de ried akkoart is, komt der in ûndersyk nei hoe grut oft it nije gebou wurde moat en wêr't it komt te stean.

De meisizzenskipsried fan de Van Kleyenburgskoalle is it net iens mei de plannen. Dy wol op de hjoeddeiske lokaasje bliuwe. De Van Kleyenburgskoalle is in markant gebou fan fier foar de oarloch, dat net sloopt wurde mei. De gemeenteried is it iens mei it skoalbestjoer dat it net mear geskikt is om ûnderwiis yn te jaan. De ried hat der bij it kolleezje fan boargemaster en wethâlders op oantrúnd om in passende bestimming foar it gebou te finen as de skoalle der útgiet.

(advertinsje)