Treinen ride wer normaal
It treinferkear fanút Ljouwert is freedtemoarn wer normaal úteinset. Troch in ynslach fan it wjerljocht rieden der fan tongersdeitemiddei healwei fiven ôf gjin treinen tusken Ljouwert en Akkrum. Earder lei it treinferkear tusken Ljouwert en Grins en Ljouwert en Harns en Starum der ek út, mar dat wie oan it begjin fan de jûn ferholpen. Tusken Ljouwert en Akkrum ha de hiele jûn bussen riden.
Spoarbehearder Prorail hat oant healwei twaen wurke om de problemen op te lossen. De tsjinstregeling is freedtemoarn op de gewoane manier opstart.