Blog: Aimabele Belch, in tichte camper en te let foar de finish

05 jul 2012 - 22:18

We binne al aardich ûnderdiel fan de Tourkaravaan oan it wurden. Hieltyd mear minsken groetsje je en komme in praatsje meitsjen. Fan 'e moarn bygelyks mei de minsken fan Vacansoleil en Rabobank. "Zijn jullie er nu nog steeds?" frege een parseman fan Vacansoleil fan 'e moarn ferwûndere. Fersoargers, technisy, meganisiens, ploechlieders en sa no en dan ris in hurdfyster komme wolris foar in praatsje. En eltse kear binne se fernuvere dat we der noch hieltyd binne. Moai no.

Fan 'e moarn wie it smoardrok by de start yn Rouen. Ik ha by de start noch net safolle minsken sjoen. Ek net safolle plysje. Ik ha in parsekaart foar de prolooch, de 8e, 9e en 11e etappe. Mear kinne we as lytse omrop gewoan net krije. Mar eltse kear kom ik wol wer by de bussen dêr't de hurdfytsers ek binne. Dizze kear net. Se sizze dat de kontrôle strikt is en ast it dochs besikest, dan nimme se fuort dyn kaart yn.
Doel wie fan 'e moarn in ynterview mei Hilaire van der Schueren, de amibale Belgyske ploechlieder fan Vacansoleil, de ploech fan Lieuwe Westra. Sympatike man. "Wilt ge weten wanneer de Elfstedentocht komt. Dat weet ik nie hoor." Leuk ynterview mei him dien. Hy hat noch alle fertouwen yn Lieuwe. Earder hie manager Daan Luijkcx by ús op de radio wat krityk op Westra. Hoe soe wat minder tinke moatte en mear fytse. Van der Schueren: "Ik denk dat gij in Friesland nog mooie dingen gaat beleven."

Underweis nei Saint Quentin, it finishplak, komme we by in McDonalds. Kâns foar my om gebrûk te meitsjen fan fergees wifi (ynternet) om de reportaazje mei Van der Schueren troch te stjoeren. Doe't ik weromkaam wie de doar fan de camper lykwols tichtklapt en alle oare ramen en doarren sieten ticht. Dêr stean je dan. Kollega Andries it dak op, it iennige raamke dat by tafal iepen stie. Andries der trochhinne en ja hear, it past. In grutte sucht fan opluchting.

Yntusken is kollega Andries drok mei in antenne en tillevyzje. Underweis yn de camper kinne we de koers net folgje. De Wereldomroep bestiet net mear en dus besykje we it sa. En sa wier, fia in antenneferbining yn de laptop kinne we de Frânske tillevyzje sjen. Al moatte we wol stil stean om wat te sjen.

Troch ús aktiviteiten komme we wol te let by de finish. Of eins krekt net, mar in streste plysje lit ús net troch. Oars wiene we wol op tiid kaam. Gjin probleem hear. Je witte dochs dat it in massasprint wurdt en de Friezen kinst jûns noch wol by it hotel ynterviewe. Sa ek dizze kear, mei Pieter Weening. Moarnier wer te hearren op de radio yn Omrop Fryslân Aktueel.

We binne oankaam yn Reims. Flinke tocht hjoed fan 350 kilometer. We sitte no boppe Parys en de buien kletterje op de camper. Kollega Andries is wat siik, mar krijt medisinen fan de dokter fan Orica GreenEdge. De reis begjint syn tol te easkjen. De earste slachtoffers binne makke. Mar it giet noch goed. As je safolle mei meitsje as yn dizze twa wiken (no noch ien wike te gean), dan diel je dat it leafste mei je freondintsje, dus wat dat oangiet, is it aanst ek wol wer moai om thús te kommen. Mar lit it dúdlik wêze, it fielt noch hieltyd as Kuifje in Wonderland en ik genietsje fan eltse dei.

Twitter: @Roelofdevries83

PS: moarn de iepenbiering oer wat der mei Pieter Weening bart by in etappe-oerwinning

Trefwurden: 
argyf Tour de France
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)