Foargevel Skrâns ferstevige

05 jul 2012 - 22:03

De monumintale gevel fan it gebou op de Skrâns yn Ljouwert dat foarige wike tiisdei útbaarnde wurdt freed ferstevige. De ferwachting is dat it wurk yn de rin fan sneon klear is. It ferkear op de Skrâns yn súdlike rjochting wurdt mooglik omlaat fia de parkearplakken yn it midden fan de strjitte. De maatregel om de gevel te ferstevigjen wurdt naam foarútrinnend en yn ôfwachting fan de sloop- en bouwurksumheden dy't de eigener fan it gebou ûndernimme moat.

Trefwurden: 
gevel Skrâns monumintaal
(Advertinsje)
(Advertinsje)