De Winter fuort by Skarsterlân

05 jul 2012 - 21:24

Wethâlder Bé de Winter fan it CDA yn Skarsterlân leit mei yngong fan ein augustus syn funksje del. De Winter giet op 1 septimber oan de slach as bestjoersadviseur by Gebruikersvereniging Oranjewoud. Dit is in gearwurkingsferbân fan 160 gemeenten dy't by softwarepaketten foar de iepenbiere romte gebrûk meitsje fan de tsjinsten fan yngenieursburo Oranjewoud op It Hearrenfean. Bé de Winter hat 22 jier aktyf west yn de gemeentepolityk, wêrfan 9 jier as wethâlder.

(Advertinsje)
(Advertinsje)