Tonger leit treinferkear stil

05 jul 2012 - 19:54

It treinferkear yn Ljouwert hat der tongersdei útlein troch in ynslach. Oan it begjin fan de jûn wie der al wer treinferkear mooglik nei Harns, Starum en Grins. Reizgers yn de rjochting fan It Hearrenfean waarden tusken Ljouwert en Akkrum oan it ein fan de jûn mei bussen ferfierd.

Troch de steuring giene de spoarbomen yn de stêd nei ûnderen en dat soarge der foar dat it ferkear hielendal fêst kaam te sitten. Ek de spoarbrêge oer it Prinses Margrietkanaal woe net mear ticht.

Trefwurden: 
trein tongerynslach needwaar
(Advertinsje)
(Advertinsje)