Friezinne dy't troch fersin even ynwenner Grinslân wie, is wer 'werom'

22 aug 2019 - 11:18

Ytsje Prins fan Dokkum is wer gewoan ynwenner fan Dokkum. Begjin juny die bliken dat se ynskreaun stie as ynwenner fan de stêd Grins, mar sels wist se fan neat. Har soan hie him dêrhinne oerskriuwe litten en dêr is nei alle gedachten wat mei misgien, wêrtroch't frou Prins ek mei oergie.

Ytsje Prins fan Dokkum, dy't no ynienen Grinslanner is - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Neffens de gemeente Grins hat de soan per ûngelok oanfinkt dat syn mem meiferhûze. CDA-Twadde Keamerlid Harry van der Molen stelde keamerfragen oer it foarfal.

Minister Kajsa Ollongren seit no dat it neffens de wet mei dat minsken sûnder in eigen ferklearring meiferhûzje kinne. Dat foarkomt administrative rompslomp. "Maar ik kan me goed voorstellen dat ze geschrokken is", seit de minister.

Grinslân? Noait net!

Ytsje Prins seach it net sitten om nei Grins te ferhûzjen. "As it no nei Drinte wie dan wie dat noch oant dêr oan ta... Mar nei Grinslân, noait net! Ik bin Fries yn ieren en sinen, hjir haw ik gjin belang by!"

(Advertinsje)
(Advertinsje)