Yvonne Nauta hâldt op mei langebaanreedriden

22 aug 2019 - 10:53

Reedrydster Yvonne Nauta hâldt op mei langebaanreedriden. De 28-jierrige Twellingeaster har lichem is ta oan rêst, seit se. Se bliuwt lykwols wol maratons op it iis riden.

Yvonne Nauta hâldt op mei langebaanreedriden

Nauta hie har bêste seizoen yn 2014. Doe pakte se de nasjonale titel op de 5 kilometer en waard se kampioen op it NK allround. Ynternasjonaal hie se dat jier ek sukses: brûns op it WK allround en sulver op it EK allround. Op de Olympyske Spelen yn Sotsji fan 2014 waard se sechsde op de 5 kilometer.

Nei dat jier hie se ôffallers: se waard wurch fan it trainen. Yn maaie 2017 bruts se ferskate bonken op in training. Nei in refalidaasje fan ferskate moannen stie se wer op it iis. Opnij pleatse foar de Olympyske Spelen slagge har lykwols net. Foarich jier ferlinge har team Lotto-Jumbo har kontrakt net mear.

Foto: www.orange-pictures.nl
Trefwurden: 
reedriden Yvonne Nauta
(Advertinsje)
(Advertinsje)