Ljouwerter fuotbalklup L.A.C. Frisia hat in nij bestjoer

Fuotbalklup L.A.C. Frisia út Ljouwert hat in nij bestjoer. Dat meldt de organisaasje op har webside. It folsleine bestjoer fan de âldste fuotbalklup fan Fryslân hie himsels yn juny demisjonêr ferklearre.
LAC Frisia © eigen foto
It bestjoer meldt dat it in oantal fuotballeafhawwers fûn hat dat him kandidaat stelle woe foar in bestjoersfunksje. Op de earstfolgjende ledefergadering sille de nije bestjoersleden foardroegen wurde. Ien fan harren is Martijn Hoekstra. Hy sil de funksje fan foarsitter oannimme.
De kommende wiken sille der petearen wêze tusken it âlde en it nije bestjoer, sadat der in goede oerdracht wêze sil.

Finansjele problemen

Wat de reden wie foar it opstappen fan it bestjoer, is net bekend makke. Ein 2018 waard bekend dat der finansjele problemen wiene by de Ljouwerter fuotbalferiening. Ferline jier waard in ferlies draaid fan 46.000 euro.