Mem foarkomt krekt dat bern yn spikerfal stapt: "Wa set dit hjir yn 'e frede del?"

In frou hat har 2-jierrige berntsje tiisdei mar krekt behoedzje kind foar in spikerfal. De pjut wie mei syn mem oan it sjen by fiskers oan de Mûnereed yn Holwert, doe't er hast yn it gefaarte stapte. Dat skriuwt de mem op Facebook. Tanksij it rappe optreden fan de frou koe slimmer foarkommen wurde.
Spikerfal
It jonkje stapte wat om yn it gers, doe't syn mem de spikerfal ynienen seach. De fal wie yngroeven yn it gers. Se koe de pjut op 'e tiid oppakke, wêrtroch't er net ferwûne rekke. "Ik skrok, mar it fernuvere my foaral. Wa set dit hjir yn 'e frede del? Is it bewust dien om ien te ferwûnjen? Of om in autobân lek te stekken?", seit mem Meintje Boonstra.

Mei opsetsin

Boonstra giet derfan út dat de spikerfal der mei opsetsin dellein is. "It lei echt yn in kûle mei de spikerpunten omheech. Dat kin net misse." Har soantsje rekke lokkigernôch net ferwûne. "Ik rûn deun achter him, dus ik hie it fuortendaliks yn 'e gaten en helle him der gau wei."
© Omrop Fryslân
It plak dêr't it gefaarte oantroffen waard, is in drok besocht plak. Der is in soad kuierfolk, mar der komme ek in soad minsken te fiskjen. "Ik ha it fjild noch ôfsocht nei mear fan dizze dingen, mar ik koe neat fine. Ik hoopje dat der net mear lizze. Mar tink derom!"

Lulke reaksjes

De reaksjes ûnder Boonstra har Facebookberjocht binne net myld. Minsken reagearje mei "Wat een stelletje gekken" en "Wat een hufter die dat gedaan heeft". It berjocht is yntusken al mear as hûndert kear dield.
Meintje Boonstra oer de spikerfal
De plysje is yntusken op 'e hichte brocht fan de situaasje. It gie om meardere spikers fan sa'n tsien sintimeter, dy't yn in bân slein en dêrnei omheech setten wiene.
Wêr't de fal krekt foar brûkt waard, is noch net bekend. It gefaarte is yntusken opromme.