Kollum: "Biblebelt"

22 aug 2019 - 09:42

"Hy makke in net al te gelokkige yndruk. It wie in byld fan in sittende Jezus, sûnder klean oan. Burdsje en in toarnekroan. Ribben dy't te sjen binne, gesicht op healwei sânen. It byld hjit 'Jezus op de koude steen'. Ik koe my neat betinke út myn grifformearde jeugd oer Jezus op ien of oare kâlde stien.

Foto: Omrop Fryslân

Fan 'e wike naam ús mem my en myn broer mei nei de tentoanstelling 'Bij ons in de Biblebelt' yn it Catharijne Convent yn Utrecht, in eksposysje oer de strook fan Seelân, fia de Feluwe nei it Noarden dêr't in protte ortodokse kristenen wenje. It Jezusbyld wie ien fan 'e earste dingen dy't we seagen, en stie op de ûnderste fan 'e trije ferdjippingen dy't de tentoanstelling beslacht.

De ûnderste giet oer de oarsprong fan it protestantisme, nammentlik it Roomske leauwen. De skatkeamer fan it museum is dêr ek, en stiet, as museum dat ek fysyk keppele is oan in tsjerke, fol mei Roomsk-Katolike keunstwurken, lykas ryk fersierde monstransen, kodeksen en âlde kleden fan biskoppen. Sa is ek in relyk te sjen dat de koarkape fan Bonifatius west hawwe soe, al bliek by ûndersyk dat it kleed makke is yn 'e tolfde iuw, en we witte allegearre wannear't Bonifatius fermoarde is. Yn 754 by Dokkum.

Hawar, it wie op dy ferdjipping opfallend rêstich. Op oanmoediging fan 'e website fan it museum sels wiene we der betiid hinne gien, en tochten dêrûnder dat dat wer swier kalvinistysk fan ús west hie. Mar doe kamen we der op 'e twadde ferdjipping efter dat it wol deeglik tige drok wie; de besikers rûnen gewoan gau troch dy Roomske útdragerij hinne. Se moasten neat ha fan de pracht en preal, en dat sterkte by my it idee dat ik dochs al hie doe't ik om my hinne seach by de kassa.

Nammentlik dat hjir foaral minsken út de biblebelt sels op ôf komme. Wy, as Friezen, dy't dochs ek noch wol behoarlik op SGP stimme, hearden dêr ek by trouwens. Ik seach fierder in soad lange rokken by de froulju, in protte koart, en foaral griis, hier, en absolút gjin spikerbroeken by de manlju. Deiblêd Trouw hie in stikje oer dizze eksposysje, dêr't yn stiet dat it Catharijne Convent him foaral rjochtet op 'e museumkaarthâlders, en no lykje dy meastentiids wol wat op biblebelters, mar ik hie net it idee dat dat de grutte bulte fan besikers útmakke. Mar goed, dêr komme we fansels efter wannear't it Catharijne Convent syn jiersifers bekend makket.

We rûnen fierder en seagen prachtige foto's, yn opdracht foar de eksposysje makke, fan bygelyks jonge stellen út de biblebelt. We seagen werkenbere dingen as it boerd yn tsjerken dêr't de psalmen foar dy tsjinst op stean. Filmkes fan ynterviews mei biblebelters oer harren libben, dêr't dan úteinlik ek ien homo fertelt oer hoe't it him net maklik makke waard. Fierder einliks net folle dêr't in Biblebelter him oan steure kin, hoewol't der evidint saken binne dy't wringe yn dy mienskip.

En dat makke de besite oan dizze eksposysje dochs ek wat ûngemaklik. Yn Trouw sei de gearstaller dat se net de konfrontaasje sykje, om't it bedoelde publyk de ûngemaklikheden sels wol begrypt. Mar ik freegje my ôf oft it publyk dat se 'bedoeld' hiene, no wol komt. Ik ha sterk it idee dat der minsken op ôf komme dy't nei harsels sjogge. Harsels wiis meitsjend dat se mei al dy grifformearde en herfoarme selstuchtiging goed dwaande binne op 'e smelle wei, yn stee fan de wrâldske ferlokkingen fan 'e brede wei.

Dus sjogge we nearne ôffalligen dy't dúdlik meitsje kinne dat se miskien dan wol net mear leauwe yn in opperwêzen, mar dat se absolút gjin duvelsk libben liede, en dat der dus gjin reden is foar in hillich superioriteitsgefoel fan in 'refo'. En dan mislearret sa'n idee oer 'se begripe it wol' al; assumption is the mother of all fuck ups.

Kofjedrinke mei je mem yn Utrecht is hartstikke moai, mar ik ha myn twivels oer dizze tentoanstelling. Myn broer en ik ha noch socht om in byld fan in wat mear komfortabele 'Jezus op de warme steen'. Dy hat fêst earne op in brede wei stien, mar wie net te finen yn it Catharijne Convent."

(advertinsje)
(advertinsje)