Wer wetteroerlêst Blomketerp

05 jul 2012 - 19:30

In swiere tongerbui hat op 'e nij foar wetteroerlêst soarge by rekreaasjepark Blomketerp yn Frjentsjer. Sa strûpte it sportsintrum ûnder en foel de stroom út. Ek kaam de bowlingbaan en de Martenaseal splis te stean. Yn de lêste seal wie krektlyn in nije houten flier lein as gefolch fan wetteroerlêst yn jannewaris. Mei man en macht is besocht de flier sa gau mooglik skjin te krijen, mar sa't it no liket moat ek de nije flier as ferlern beskôge wurde.

De skea rint nei alle gedachten yn de tûzenen euro's

(Advertinsje)
(Advertinsje)