Aksjegroepen easkje stop op stikstofútstjit yn iepen brief

22 aug 2019 - 08:28

De aktiviteiten fan oalje- en gaswinningsbedriuwen dy't liede ta stikstofútstjit moatte stillein wurde oant de natuer genôch beskerme is. Dêr pleitsje omwenners fan boarlokaasjes en ferskate organisaasjes, lykas Laat Fryslân niet zakken, Ternaard Foar de wyn, de Waadferiening en Stichting Tsjingas foar yn in iepen brief oan Johan Remkes, de foarsitter fan it Adviescollege Stikstofproblematiek.

Foto: ANP

Remkes wurket yn opdracht fan minister Carola Schouten, fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit, oan in advys oer it stikstofbelied. Dat belied waard ein maaie troch de Ried fan Steat ûnjildich ferklearre. "Wij willen hem onder de aandacht brengen dat er een stop moet komen op stikstofuitstoot door olie- en gasbedrijven", leit Monique Plantinga fan Tsjingas út.

Vermilion

Oanlieding is it beslút fan it ministearje dat it Kanadeeske gaswinningsbedriuw Vermilion net mear boarje mei. Vermilion woe nammentlik proefboarrings dwaan by Noardwâlde, mar moast dy plannen op in leech pitsje sette nei't boargers ûntdutsen dat it bedriuw gjin fergunning hie.

"Wij vinden dat het niet zo kan zijn dat burgers in heel Nederland moeten kijken of bedrijven zich wel aan de regels houden. Dat willen we omdraaien en de regie leggen bij de overheid. Daarom vragen we de commissie om hiernaar te kijken." De aksjegroepen fine dat ien de rezjy op him nimme moat en dat kinne fansels net de oalje- en gasbedriuwen sels wêze.

Natura 2000

It winnen fan gas en oalje moat dus stillein wurde oant de natuer oantoanber better beskerme wurdt. Wat de aksjegroepen dêrûnder ferstean? "Dat zal per geval bekeken moeten worden. Het gaat om de Natura 2000-gebieden. Daar zijn er meer dan 50 van in Nederland. Een aantal van die gebieden is stikstofgevoelig, dus dat is best een puzzel als je daarnaast wil gaan proefboren. Hoe dat moet worden opgelost, zal moeten aangewezen vanuit die commissie die zich bezig gaat houden met het beleid."

Nei alle gedachten sil Remkes yn septimber in earste advys jaan. Dêrnei sil de kommisje fierder wurkje oan in langetermynoplossing.

Monique Plantinga fan stichting Tsjingas

(advertinsje)
(advertinsje)