Brânstichter slacht foar de tsiende kear ta yn Drachten

22 aug 2019 - 06:51

Yn Drachten is yn 'e nacht fan woansdei op tongersdei op 'e nij brân stichten. Dizze kear stie der in kontener oan de Noarderdwersfeart, yn de tunnel by fuotbalklup ONB, yn 'e brân.

Foto: SrFotografie

Om 2.30 oere hinne krige de brânwacht in melding fan in bûtenbrân. It fjoer koe maklik útmakke wurde.

It is al de tsiende kear yn in pear wiken tiid dat der yn Drachten brân stichte wurdt.

(advertinsje)
(advertinsje)