Aldere frou oerenlang opsletten yn meterkast, fertochte foar de rjochter

22 aug 2019 - 06:14

In Ljouwerter (20) moat tongersdei foar de rjochtbank yn Zwolle ferskine, fanwege de oerfal op in frou fan 82 út De Krim. Neist de Ljouwerter stean ek in ynwenner fan Hoogeveen en ien fan Coevorden terjochte. Se soene by de oerfal de frou opsletten hawwe yn har meterkast, wylst se har hûs trochsochten.

Justysje - Foto: Shutterstock.com

De frou moast it fyftjin oeren steande yn de nauwe kast úthâlde, sûnder drinken en iten. Omdat har freondinnen har de folgjende dei misten by it folksdûnsjen en de saak net fertrouden, waard se fûn. Se fielde har doe de lokkichste minsk op ierde, ferklearre se letter: "Alsof ik engelen hoorde zingen."

Sitmeaner

De trije fertochten koene opspoard wurde mei help fan it telefyzjeprogramma Opsporing Verzocht. Sjoggers dêrfan melden de plysje dat se yn de tún fan de man út Coevorden in sitmeaner sjoen hiene, dy't bot like op de meanmasine dy't út it hûs fan de frou meinaam wie. Nei de oanhâlding fan de man út Coevorden koene ek de Ljouwerter en de ynwenner fan Hoogeveen oppakt wurde.

Rezjysitting

De sitting fan tongersdei is in rezjysitting, as tarieding op de ynhâldlike behanneling dy't letter plak fynt. De manlju kinne ferfolge wurde foar it besykjen ta deaslach of ta kwalifisearre deaslach, wat betsjut dat se besocht hawwe immen te deadzjen om in oar strafber feit te ferbergjen.

(advertinsje)
(advertinsje)