Restaurant De Brekken op De Lemmer bliuwt dit seizoen ticht

Restaurant De Brekken bliuwt dit seizoen ticht. De skea troch de brân fan 13 augustus yn it restaurant op De Lemmer is grutter as earst tocht waard. De brân dy't útsloech yn in hokje neist de keuken hat der foar soarge dat it hiele pân op 'e nij opboud wurde moat. It roet sit oeral: yn de foegen, it plafond en it dak. Earst waard tocht dat it pân gemysk reinige wurde koe, mar dat is dochs net it gefal.
© Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
Net allinnich it dak fan it restaurant moat ferfongen wurde, ek it dak fan de resepsje fan De Brekken is oan in nije ta. Mei alle skea kin it restaurant dit seizoen net mear iepen. "Dat is natuerlik jammer, want we sitte noch midden yn it heechseizoen", fertelt eigener Albert Hessels. "It gebou moat oant it beton leechhelle wurde."
Dochs probearret Hessels posityf te bliuwen. "We binne krekt begûn mei it leechheljen fan it restaurant en dêrnei wurdt alles derút sloopt. Mar ik hoopje dat we oer trije moannen wer iepen kinne, miskien trije en in heal", fertelt Hessels. As it goed is, sil De Brekken yn de winter wer iepen. "Dan kinne we noch moai efkes oefenje foar de simmer, dêr gean we foar."
Eigener Albert Hessels fan restaurant De Brekken fertelt oer de skea