Organisaasje strânfestival Glemmer Beach is klear foar it wykein

21 aug 2019 - 22:27

Mei de fuotten yn it sân dûnsje oan de râne fan de Iselmar, dat kin de kommende dagen op Glemmer Beach. It beachfestival set tongersdei útein op it strân fan De Lemmer. It is de tsiende edysje fan it festival dat hieltyd mear groeit. Dit jier binne der foar it earst bûtenlanske artysten as UB40 en Clouseau. De organisaasje is der klear foar.

"We krije der moai waar by", fertelt festivalorganisator Johan Koster. Mei de foarspellingen foar dit wykein krijt Glemmer waarme temperatueren en dêr is de organisaasje bliid mei. "Minsken keapje foar dit festival faak op it lêste momint in kaartsje, om't se it waar ôfwachtsje wolle", fertelt Koster.

It festival wurdt hieltyd grutter, mar is noch net útferkocht. "We meie 10.000 minsken op it festival ha, mar we hoopje op in gemiddelde dei-opkomst fan 5.000 minsken", seit Koster. It festival besiket foar elkenien geskikte artysten út te nûgjen. Koster: "De earste twa jûnen binne foar de wat âldere minsken, om it sa mar te sizzen, de saterdei is mear foar it jongere publyk."

De opbouploech is woansdeitejûn noch drok dwaande mei de lêste tariedingen. "We binne seker noch wol oant tsien oere dwaande", seit Koster. "Mar we lizze moai op skema, we ha ek al tsien jier 'ervaring in de benen' op dit plak."

Organisator Johan Koster is klear foar Glemmer Beach

De line-up fan Glemmer Beach bestiet út ûnder oaren Kraantje Pappie, Davina Michelle, Rowwen Hèze, UB40, De Kast, Clouseau, Tino Martin, De Jeugd van Tegenwoordig en Queenmania.

(Advertinsje)
(Advertinsje)