FIDEO: Iepenloftspul en eksposysje oer markante Grouster Freerk Siekmans

21 aug 2019 - 21:54

Freerk Siekmans (1887-1971) wie in bysûnder man. Hy wenne mei syn katten, hinnen en guozzen fier fan de bewenne wrâld op de Burdskop oan de Wide Ie by Grou. Siekmans brocht it grutste part fan syn libben troch in iensumens. Dochs wie er neffens de minsken dy't him koenen gjin kluzener. Hy libbe fan de fisken en fûgels dy't er sels fong. No, 48 jier nei syn ferstjerren, is der yn Grou in iepenloftspul en in eksposysje oer syn libben makke.

Jantsje Poppinga en Gieneke Verhoeven ha de eksposysje opsteld yn it museum yn Grou. "Ik vind het een heel bijzondere man", seit Verhoeven. "Een man waarvan ik blij ben dat daar nog aandacht voor is. Hij woonde helemaal alleen op een stukje land, in een kleine woonboot en hij redde zich daar fantastisch met het leven in de natuur. Het was een echte natuurman en hij had niemand eigenlijk nodig en geen materiaal nodig, zoals wij tegenwoordig gewend zijn." Poppinga heakket dêr oan ta: "Hy wie ek hiel gastfrij. As der ien by him kaam, hie er dêr tiid foar om in praatsje te meitsjen."

De eksposysje is fan tongersdei ôf te sjen yn it museum Hert fan Fryslân yn Grou en de premjêre fan it iepenloftspul is freedtejûn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)