Jongeren soargje foar oerlêst op skatebaan Feanwâlden

"Wees verstandig en stop dit gedrag", dy oprop docht de plysje Noardeast-Fryslân oan jongeren dy't foar oerlêst soargje op de skatebaan fan Feanwâlden. It giet ûnder oare om fernielingen, it achterlitten fan ôffal, lûdsoerlêst en brânstichting.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Op Instagram kundiget de plysje oan, dat der aktiver optreden wurde sil tsjin de oerlêst. En ek stranger: der wurde bekeuringen oankundige.
Neffens de plysje is de oerlêst op de skatebaan der al in skoftke.