Frou ferstoarn dy't yn Kollum bewusteleas út it wetter helle waard

21 aug 2019 - 21:09

De frou dy't tiisdei yn it wetter rekke by it Nieuwpad yn Kollum is noch dyselde dei ferstoarn. Dat meldt streekomrop RTV NOF.

Foto: De Vries Media

De frou waard fûn troch boufakkers dy't yn de buert dwaande binne mei de oanlis fan in brêge. Sy hawwe ek besocht de frou te reanimearjen. Dêrnei waard se nei it sikehûs brocht.

De frou soe neffens RTV NOF yn it wetter rekke wêze troch min waar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)