Sliepklinyk Tjongerskâns: tal Friezen mei sliepproblemen nimt ta

21 aug 2019 - 20:07

Hieltyd mear Friezen krije de kommende jierren lêst fan sliepproblemen. Dat is de ferwachting by de sliepklinyk fan sikehûs Tjongerskâns op It Hearrenfean. Al jierren nimt it tal pasjinten mei in minne nachtrêst ta en dat hat grutte gefolgen foar ús deistich libben. Dat seit KNO-dokter Xander de Vries, dy't by Tjongerskâns wurket.

Min sliepe kin liede ta konsintraasjeproblemen, in min sin of saken ferjitte. Ut in lanlike sûnensenkête fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) docht bliken dat benammen minsken fan 24 jier en âlder sliepproblemen hawwe. Yn de enkête fan 2018 jout 25 persint ta dat se sliepproblemen ha, wylst dat yn 2017 noch 21 persint wie.

Medyske oarsaken lykas snoarkjen en restless legs syndroom, oftewol ûnrêstige skonken, soargje foar klachten. Minsken kinne dêrfoar behannele wurde, mar de oplossing hoecht net altyd út it sikehûs te kommen, seit De Vries. Gjin alkohol drinke en net fet ite foar it sliepen gean, ha in posityf effekt op de nachtrêst. In fêst ritme en net te lang en te let nei in skerm sjen, kinne de nacht ek in stik nofliker meitsje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)