Ferliezend partoer oer de Frouljus PC: "Wy ha terjochte ferlern"

21 aug 2019 - 19:12

It partoer fan Nynke Sijbrandij, Imke van der Leest en Marrit Zeinstra hat de finale fan de Frouljus PC yn Weidum ferlern. Se kamen net echt yn har spul en moasten yn Ilse Tuinenga, Sjanet Wijnia en Manon Scheepstra har meardere erkenne.

It ferliezende partoer nei de finale - Foto: www.orange-pictures.nl

"Wer twadde, ja. Ik kin der hieltyd better mei omgean, it is wer sa. It emosjonearret my dan ek net, ik bin wat flak," seit Nynke Sijbrandij nei ôfrin.

"As je sa'n finale keatse dan kinne je noait winne, hjir fiel ik dan ek net safolle by. De opslachballen koenen we net ferwurkje, ik tink dat it dêr fout gie. We ha fan alles besocht om it te ûntregeljen, en dat slagge net. We komme net op ús nivo, we ha gjin skyn fan kâns hân."

Nynke Sijbrandij

Wol wat soer

Ferliezend partoerlid Imke van der Leest laket wol nei ôfrin. "It is wol wat soer, mar se winne en binne dúdlik better. Dan is it sa. We wienen op slot, tefolle kwea, by har slagge alles. Se wienen flaterleas."

It is har lêste Frouljus PC, want se nimt ôfskied. "Ik ha in hiel soad jierren keatst en it is no ek wolris tiid foar wat oars. It is wol goed sa, dit is net de iennige dei om dit seizoen goed slagje te litten. We dogge goed mei."

"By my slagge neat"

"We ha terjochte ferlern," seit Marrit Zeinstra, fan it ferliezende partoer dus. "We woenen wol, mar neat slagge en by har slagge alles wol. As sy goed keatse, dan moatte we ússels oertreffe ast winne wolst. By my slagge neat, ik rekke se net lekker. Ik waard der wol wat moedeloas fan. It is spitich dat we der sa fan ôfgean yn de finale, it gie no te fluch, wa ha net wat sjen litten."

Trefwurden: 
keatsen frouljus PC Weidum
(Advertinsje)
(Advertinsje)