Ilse Tuinenga útroppen ta keninginne fan de Frouljus PC

21 aug 2019 - 18:36

Ilse Tuinenga is útroppen ta keninginne. Har partoer wûn woansdei de 43e Frouljus PC yn Weidum. Yn de finale wie se mei Sjanet Wijnia en Manon Scheepstra mei 5-1 en 6-4 te sterk foar Nienke Sijbrandij, Marrit Zeinstra en Imke van der Leest.

"De winst is binnen. Fjouwer út fiif", laket Ilse Tuinenga nei ôfrin fan de winst. Har partoer hat net in sekonde yn gefaar west de hiele dei. "We woenen skerp wêze en ha alle enerzjy yn dizze partij lein, hjir giet it om. En dat we it dan 5-1 ôfmeitsje, is dan hielendal super."

It partoer keatste taktysk, mei wikselingen yn it perk en wikselingen fan opslach. "We besochten Nynke wat te ûntregeljen en dat pakte hiel goed út. Oarsom besochten sy dat ek wol te dwaan, mar dêr hienen wy folle minder lêst fan. It makke my neat út wa't yn it perk stie, mar ik sloech dyjinge om."

(Advertinsje)
(Advertinsje)