Pararuter Rixt van der Horst pakt sulver op EK yn Rotterdam

21 aug 2019 - 18:30

Pararuter Rixt van der Horst is woansdei twadde wurden by de yndividuele proef op it EK paradressuer yn Rotterdam. Mei har hynder Findsley N.O.P. helle de amazône út Grou krekt in punt minder as de Deen Tobias Thorning Joergensen, dy't Europeesk kampioen waard.

Rixt van der Horst komt noch twa kear yn aksje op it EK yn Rotterdam, tongersdei yn de lannewedstriid en snein wer yndividueel op it ûnderdiel freestyle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)