Sybrandy's Speelpark slút kassa's fanwege topdrokte

21 aug 2019 - 18:01

Sybrandy's Speelpark yn Aldemardum hat woansdeitemiddei de kassa's sluten fanwege de grutte drokte. Der koene gjin minsken mear by. Op de Facebookside fan it park stiet: "Door de extreme drukte zijn wij genoodzaakt de toegang tot het Speelpark te sluiten. We hopen op uw begrip. Onze excuses voor het ongemak."

Foto: Facebook, Sybrandy's Speelpark

De eigeners hiene drokte wol ferwachte. Der binne in soad minsken dy't nostalgyske oantinkens hawwe oan it park en der noch in lêste kear hinne wolle. Mar dat it woansdei al sa drok wêze soe, oerkaam de eigeners. De kommende dagen wurdt ek wer grutte drokte ferwachte. Dêr is wol rekken mei hâlden troch bygelyks ekstra personiel yn te hieren.

It park slút nei snein definityf de doarren nei 55 jier. Der is besocht om it park, dat al sûnt 2013 te keap stiet, te behâlden, mar dat is mislearre. Undernimmer Sjerp Jaarsma wol it park ferhúzje nei syn terrein by de Hege Gerzen, mar natuerorganisaasjes binne dêr op tsjin. De presintaasje fan syn rêdingsplannen luts moandei in soad belangstellenden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)