Partoer Ilse Tuinenga wint 43e Frouljus PC yn Weidum

21 aug 2019 - 17:50

It partoer fan Ilse Tuinenga, Sjanet Wijnia en Manon Scheepstra hat de 43e Frouljus PC yn Weidum wûn. Yn de finale wiene se mei 5-1 en 6-4 te sterk foar Nynke Sijbrandij, Marrit Zeinstra en Imke van der Leest.

It wie de dreamde finale op papier tusken de twa grutte favoriten: Tuinenga-en-dy ha acht frijeformaasjepartijen wûn dit seizoen, it partoer Sijbrandij sân.

Tuinenga sette de finale ek prima útein mei in skjinne seis foarsprong yn it earste earst, mar Sijbrandij-en-dy kamen werom en pakten dochs noch it earste buordsje. Dêrnei pakte it partoer Tuinenga seis earsten efterinoar. Op 5-1 en 6-4 sloech Tuinenga op en gie de weromslach fan Marrit Zeinstra kwea.

De folsleine finale:

Foar Manon Scheepstra is it de fiifde kear dat se de Frouljus PC wint. Tuinenga hat 'm no fjouwer kear wûn en Sjanet Wijnia trije kear. Ferline jier wûnen se de Frouljus PC foar it earst yn dizze gearstalling.

Yn it oare partoer nimt Imke van der Leest ôfskied fan de Frouljus PC as ferliezend finalist. Sy hâldt dermei op. Se hat 'm trije kear wûn. Sijbrandij en Zeinstra bliuwe noch sûnder oerwinning.

Rûte nei finale

Tuinenga-en-dy, dy't dit seizoen acht frijeformaasjepartijen wûn ha, begûnen de dei mei in oerwinning op it partoer fan Jildou Sweering: 5-2 6-4.

Op de twadde list stienen se tsjinoer Tineke Dijkstra, Sandra Hofstra en Louise Krol. Sy wûnen ôfrûne wykein yn Wommels ferrassend de generale foar de Frouljus PC. Tsjin Tuinenga-en-dy yn de finale nota bene. Dat barde no net: Tuinenga wûn mei 5-0 6-6.

Yn de heale finale hie it partoer Tuinenga ek gjin problemen mei Anne Berber Zeinstra, Jeska Terpstra en Martzen Deinum. It waard 5-0 en 6-4.

Foto: www.orange-pictures.nl
Trefwurden: 
keatsen frouljus PC Weidum
(Advertinsje)
(Advertinsje)