FIDEO: 50 jier spulwike Sparjebird

Spikers slaan, balken trochseagje, pallets fervje. It binne allegeare ûnderdielen fan it huttebouwen by de spultsjewike fan Sparjebird. De wike bestiet net allinnich út it bouwen fan hutten, de bern kinne ek nei it teäter, búkglide en shampoo meitsje. De wike yn it natuergebiet tusken De Himrik en Beetstersweach wurdt tradisjoneel hâlden yn de wike foardat de skoallen wer begjinne. Dit kear is ekstra bysûnder, want it is de fyftichste edysje fan de spulwike.
50 jier spulwike Sparjebird