FIDEO: Finale Frouljus PC tusken Sijbrandij en Tuinenga

21 aug 2019 - 16:50

De twa favorite partoeren steane yn de finale fan de 43ste Frouljus PC. Ilse Tuinenga, Sjanet Wijnia en Manon Scheepstra nimme it yn Weidum op tsjin Nynke Sijbrandij, Imke van der Leest en Marrit Zeinstra. Omrop Fryslân docht live ferslach fan de finale.

Beide partoeren wûnen dit seizoen alle twa ûngefear de helte fan de partijen. Tuinenga-en-dy wûnen acht kear, it partoer fan Sijbrandij sân kear.

Imke van der Leest keatst har 15de en lêste PC. Se kin foar de fjirde kear de PC winne. Nynke Sijbrandij wûn de PC noch noait.

Kommentaar is fan ferslachjouwer Roelof de Vries en alvefâldich PC-winneres en PC-keninginne Afke Hijlkema.

(Advertinsje)
(Advertinsje)