Partoeren Sijbrandij en Tuinenga steane yn de finale op de Frouljus PC

21 aug 2019 - 16:33

De beide finalisten fan de Frouljus PC yn Weidum binne bekend. It partoer fan Nynke Sijbrandij kaam nei winst op Roelie Kroondijk yn de finale mei in steand nûmer. De oare finalist is it partoer fan Ilse Tuinenga. Sy wûnen fan Anne Berber Zeinstra-en-dy.

Partoer Sijbrandij - Foto: Omrop Fryslân

Folgje alles yn dit liveblog en ek op de radio dogge we ferslach, oant en mei de lêste slach fansels.

De finale stjoere we live út op Omrop Fryslân op de webside Omropfryslan.nl, de Omrop-app, Facebook en YouTube.

(Advertinsje)
(Advertinsje)