Pealtsjes by tsjerke Wetsens wurde nije wike al fuorthelle

De pealtsjes by de tsjerke fan Wetsens wurde begjin nije wike al fuorthelle. Der hat in soad rebûlje west de ôfrûne tiid oer de pealtsjes dy't de grutte fan de grêven markearje moatte. Dit om problemen foar te kommen fan te lytse of te grutte grêven.
© Omrop Fryslân
De krityk wie grut op de pealtsjes omdat se it oansjoch fan it hôf bot oantaaste. De tsjerkerintmasters fan de gemeente hawwe dêrop in oare wize fan markearjen keazen. De grêven wurde no ûndergrûnsk kodearre. Mei in detektor kin dat dien wurde.
De tariedingen foar dizze wize fan markearjen binne al begûn. De wurksumheden sille in pear wike yn beslach nimme.