Moat rol umpire by IFKS skûtsjesilen feroarje?

Wat is de rol fan de umpire by de IFKS en moat dy bliuwe sa't dy is? Dy fraach hinget in pear dagen neidat it kampioenskip ôfrûn is noch boppe de merk. Dit jier wie de umpire, oftewol de skiedsrjochter, twingjender oanwêzich en dat joech ôfrûne wike argewaasje. Benammen by skipper Ulbe Zwaga fan it skûtsje Waaksdom, dy't diskwalifisearre waard.
© Omrop Fryslan
De umpire is sûnt in pear jier in fêste wearde by it kampioenskip. Hy oardielet live op it wetter en kin straffen útdiele. De skipper moat dan in rûntsje farre. Dit jier wie it ek sa dat as in skipper syn straf net opfolge, de umpire sels nei de protestkeamer moast. Dat barde by skipper Ulbe Zwaga dy't syn strafrûntsje net die. Hy waard diskwalifisearre en wie dêr poer om.
Neffens Harm Kuipers, foarsitter fan de wedstriidkommisje fan de IFKS, is de rol fan de umpire wichtich. "Hy is der net foar neat by belutsen in jier of fjouwer lyn. Doe hawwe wy ynset op mear feiligens op it wetter en dêromhinne. En ien aspekt wie, it dúdliker krijen foar skippers dat sy harren oan de regels hâlde. Sa is de umpire ûntstien."

Ferplichte nei protestkeamer

De ferplichting foar de umpire om nei de protestkeamer te stappen, hat in goede reden neffens Kuipers. "Earder wie it: de umpire mei. No is it: de umpire moat. Dat is om foar te kommen dat it ôfweagingsmomint hielendal by de umpire leit."
IFKS-skiedsrjochter Jos Spijkerman hat achterôf yn de media útpraken dien, dat hy der net lokkich mei wie en it oars hawwe wollen soe. Kuipers: "Dat mei hy fine en yn de evaluaasje sille wy it dêr ek mei him oer hawwe. Mar foarearst hawwe wy dêr noch gjin miening oer. Mar ik snap wol dat hy seit: no móat ik wat, wylst ik dat eins leaver net doch, de skippers moatte dat dwaan. Jos fynt eins dat hy dêr net ta ferplichte wurde moat. Dus dat is in punt fan diskusje de kommende jierren."

Mear umpires net winsklik

Neffens Kuipers hat it ek gjin doel om meardere skiedsrjochters oan te stellen, ek al falt it miskien net ta foar ien umpire om it hiele wedstriidfjild te oersjen. "Hy is net oansteld om alles te sjen, mar om ekstra feiligens te krijen. Dat is goed slagge. Mar slutend mei noch mear umpires, dat moatte je net wolle. It bliuwt in spultsje fan skippers ûnderling. Mei trije, fjouwer umpires op it wetter wurdt it in soart ferkearstún."
Harm Kuipers, foarsitter fan de wedstriidkommisje fan de IFKS, oer de rol fan de umpire