Yn twa wiken tiid mear as 3.000 ballonnen oprêden op de Fryske eilannen

Mear as 3.000 ballonnen binne yn twa wiken tiid op de Noardseestrannen fan de Nederlânske kust oprêden. Mei de Boskalis Beach Cleanup Tour waarden de ballonnen apart fan oare rotsoai ynsammele. Der binne eksakt 3.276 ballonnen fûn op de Fryske eilannen. Dat is 12 ballonnen de hûndert meter.
Ballonnen oprêden op de Fryske eilannen
Neffens TNO wurde der alle jierren sân miljoen ballonnen yn ús lân oplitten, dêrfan belânje der 230.000 yn de Noardsee. De restanten dêrfan dy't op strannen lizze, binne gefaarlik foar fûgels, fisken en seesûchdieren en drage by oan de saneamde plestik sop.
© Stichting Noordzee