Sylster Marit Bouwmeester hâldt twadde plak yn klassemint yn Japan

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten hat nei in minne dei dochs har twadde plak behâlde kinnen yn it klassemint op it testevenemint foar de Olympyske Spelen yn Japan. Se sylde woansdei nei in 17de en 12de plak.
© TeamNL Zeilen
Gelokkich wie sy net de iennige yn de top 10 dy't min sylde. Sadwaande stiet se noch altyd twadde.
Tongersdei is de lêste dei op it wetter fan Enoshima, dêr't takom jier de sylwedstriden fan de Olympyske Spelen hâlden wurde.