Sportkompleks De Steense yn Wolvegea tenei smookfrij

21 aug 2019 - 13:37

Sportkompleks De Steense yn Wolvegea is fan no ôf smookfrij. It kompleks bestiet út twa sporthallen en in swimbad. Dizze fêste brûkers steane, mei de gemeente Weststellingwerf, achter it inisjatyf 'op wei nei in smookfrije generaasje'.

Foto: Google Streetview

Meikoarten hinget der in yntinsjeferklearring yn it sportkompleks. De fêste brûkers jouwe hjirmei oan dat se besikers oansprekke sille dy't yn en om it gebou smoke.

Trefwurden: 
Wolvegea smookfrij De Steense
(advertinsje)
(advertinsje)