Beslút fan rjochter oer stikstofoanpak smyt in soad problemen op

21 aug 2019 - 13:17

Bouprojekten dy't yn ûnwissens sitte no't de Nederlânske stikstofoanpak fan de baan is, ûndersykje oft sy boerebedriuwen opkeapje kinne om sa foldwaande stikstofromte te krijen. It 'Programma Aanpak Stikstof' (PAS) toetst hoefolle stikstof in bepaalde aktiviteit útstjit. As oantoand wurde koe dat in aktiviteit net in efterútgong betsjutte foar in natuergebiet, koe der in fergunning jûn wurde. Mar dizze tastimming mei fan de Ried fan Steat net mear. Dêrtroch komme bouprojekten yn de problemen en sy sykje oplossingen.

Stikstof - Foto: ANP

Trienke Elshof fan LTO Noord krijt ek sinjalen fan leden dat ûntwikkelders op 'e siik binne nei boerebedriuwen. "Mar benammen fan adviseurs dy't benadere wurde. It is lykwols net sa dat sy by boeren op de stoepe steane fan: "Wolsto dyn stikstofromte beskikber stelle foar de ûntwikkeling fan myn bedriuw."

Soarchlik

"It is soarchlik dat ek it Ryk en de provinsje as fergunningbesoarger oanjûn hawwe dat sy der neat mei dogge. Ien dy't no in fergunning oanfreget, moat wachtsje oant der dúdlikens is oer it belied. De kommisje Remkes is no oan it wurk, ein septimber moat der in earste advys wêze en oan de ein fan it jier in advys foar de lange termyn oer it stikstofsysteem yn de takomst."

Beneidiele

It is in dreech fraachstik. "As der no op foarhân al stikstof ferhannele of claimd wurdt, kin de iene sektor beneidiele wurde tsjinoer de oare sektor." Der binne in soad projekten dy't stil lizze troch it probleem. It bouwen fan in wynmûnepark freget bygelyks ek stikstof. "De útspraak fan de rjochter leit alles stil. Dêrom binne wy as LTO ek dwaande om in fisy te ûntwikkeljen."

Elshof: "De provinsje seit: wy hanthavenje net, wy ferliene gjin fergunningen en wachtsje op it Ryk. In oplossing moat oan alle sektoaren rjocht dwaan, wy moatte der mei fierder kinne."

Trienke Elshof fan LTO Noord

Trefwurden: 
boeren LTO Noord stikstof
(Advertinsje)
(Advertinsje)