Meindert Talma betinkt Domela mei in foarstelling mei orkest en koar

21 aug 2019 - 12:45

Muzikant en skriuwer Meindert Talma komt mei in foarstelling basearre op it libben fan Ferdinand Domela Nieuwenhuis (1846-1919). It is dit jier 100 jier lyn dat de grûnlizzer fan it Nederlânske sosjalisme stoar, dat wie op 18 novimber. It hiele jier wurdt dat met tal fan aktiviteiten betocht.

Foto: Henk Veenstra

De foarstelling 'De Domela Passie' fan Meindert Talma wurdt in audiofisuele produksje mei strykorkest en koar. De premjêre is op it festival Explore the North op 23 novimber yn Ljouwert. Talma makket dêrmei in toernee lâns ferskate plakken. Ek komt der in album en in fotoboek fan it projekt.

Yn Fryslân waard Domela sjoen as 'ús ferlosser'. Talma groeide op yn Surhústerfean en makke op de middelbere skoalle in skripsje oer de komôf fan Domela. Earder makke Talma ek muzikale libbensferhalen oer dammer Jannes van der Wal en keunstner H.N. Werkman.

(Advertinsje)
(Advertinsje)