Wedstriidlieder Jan Suierveld nimt ôfskie fan de Frouljus PC

21 aug 2019 - 11:58

Wedstriidlieder fan de Frouljus PC Jan Suierveld hâldt der mei op. Hy stie al jierren oan it roer fan de wichtige keatswedstriid foar froulju. De edysje fan woansdei is syn lêste. "It is moai dêr noch efkes ûnderdiel fan te wêzen," seit hy sels. "It is de lêste kear en ik tink wol dat ik myn hert ophelje. Benammen sa't de list no is, liket derop dat it in tige moaie finale wurde kin. En dêrfoar kinne der ek noch wolris ûnferwachte partijen komme."

Suierveld fertelt yn it Keatsmuseum yn Frjentsjer oer it frouljuskeatsen. "Doe't it museum der kaam wie ik frijwilliger, ik bin net daalks by de ynrjochting belutsen west. Mar der hingje moaie dingen. Sa is hjir in foto mei njoggen froulju út 1989." De foto is neffens Suierveld naam op in krúsjaal momint wat it frouljuskeatsen oanbelanget.

Jan Suierveld - Foto: Omrop Fryslân

"Dy froulju hawwe doe yn it skoft fan de PC in demonstraasje jûn. De speakster, Siemke Andela, hat doe faak de namme fan de Frouljus PC neamd. Sy hat minsken oproppen om dêr ek te kommen. Dat hat fertuten dien, want yn de trije wike dêrnei wie der ynienen in 'boost' oan besikers, wol 600 oant 700." Dat wie minder as by de manlju, mar al wol in stik mear as earder.

Krúsjaal momint

"In soad minsken wisten mar amper fan it frouljuskeatsen. Mar sy hiene de froulju yn aksje sjoen. Dêr diene de bêste spylsters fan doe oan mei, lykas Lia de Jong en Jokelyn Tienstra. Men seach dêr fan op."

Grutsk

Yn it museum hinget noch net in foto fan Suierveld sels, al komt hy wol yn in filmke yn byld. "Oer hûndert jier miskien," grapt Suierveld. Hy hat sels in soad betsjutte foar it frouljuskeatsen. "Fansels bin ik dêr grutsk op."

Deifoarsitter Jan Suierveld oer de Frouljus PC yn it Keatsmuseum yn Frjentsjer

(Advertinsje)
(Advertinsje)