Jongsma fynt wethâlderswurk net by him passen en stapt op

21 aug 2019 - 11:16

Wethâlder Jouke Jongsma fan de gemeente Eaststellingwerf leit in jier nei syn oanstelling it wurk alwer del. Hy hat dit yn in persoanlike brief oan de ried bekend makke.

Jouke Jongsma - Foto: Gemeente Ooststellingwerf

Jongsma skriuwt dat hy murken hat dat it wethâlderswurk net by him past. Hy sil dêrom no ek op 'e siik nei oar wurk. "Tijdens mijn ambtsperiode heb ik ontdekt dat het wethoudersvak niet bij mij past. Ik ben een echte ambachtsman, maar het politiek-bestuurlijke ambacht is mij niet op het lijf geschreven."

Boargemaster Harry Oosterman hat respekt foar it beslút fan Jongsma. "Zo'n beslissing vergt moed en daadkracht. Jouke Jongsma heeft zich enorm ingezet voor onze gemeente. We gaan hem missen en wensen hem alle goeds."

Oer de opfolging fan de wethâlder is op dit stuit noch neat bekend.

(advertinsje)
(advertinsje)