LIVEBLOG: Partoer Tuinenga wint Frouljus PC

21 aug 2019 - 17:40

De belangrykste wedstriid foar it frouljuskeatsen, de Frouljus PC, stiet dizze woansdei op it program. Oan de 43ste edysje dogge tolve partoeren mei yn de haadklasse frije formaasje. De wedstriid begjint om 11.00 oere. Folgje alles oer it ferrin fan de dei yn dit liveblog en ek op de radio dogge we de hiele dei ferslach, oant en mei de lêste slach fansels. De finale stjoere we live út op Omrop Fryslân op de webside Omropfryslan.nl, de Omrop-app, Facebook en YouTube.

18:11
Ein

Mei de winner slute we dit liveblog ôf. Reaksjes fan de winners komme op de webside fan Omrop Fryslân.

Tige tank foar it folgjen!

17:51
Lêste slach
17:53
Tuinenga wint

Op 5-1 en 6-4 slacht Tuinenga op en dêrnei giet de weromslach fan Marrit Zeinstra kwea. Ilse Tuinenga, Sjanet Wijnia en Manon Scheepstra winne de 43e Frouljus PC!

17:46
Wikseling oan de opslach

Yn it partoer fan Nynke Sijbrandij wurdt Marrit Zeinstra fan de opslach helle. Imke van der Leest slacht no foar minst op.

17:44
5-1 Tuinenga

Op 6-4 yn it foardiel fan Tuinenga-en-dy slacht Manon Scheepstra de opslach fan Nynke Sijbrandij boppe. It stiet no 5-1 en it partoer fan Tuinenga hat noch ien earst nedich foar de winst.

17:35
4-1 Tuinenga

Op 6-2 yn it foardiel fan Tuinenga-en-dy hellet de bal fan Marrit Zeinstra de dikke keats net. Dêrmei rint it partoer Tuinenga út nei 4-1.

17:29
3-1 Tuinenga

Om't de opslach fan Sijbrandij it perk net hellet op 4-6, pakke Tuinenga-en-dy wer in earst: 3-1.

17:22
2-1 Tuinenga

Sjanet Wijnia slacht de opslach fan Nynke Sijbrandij sa oer de boppeline hinne by in 6-2 foarsprong. Dêrmei komt it partoer fan Ilse Tuinenga op 2-1.

17:14
1-1

Mei in sitbal fan Ilse Tuinenga op 6-4 komt har partoer werom. Beide partoeren ha no in earst: 1-1.

17:07
De finale is los!

De froulju binne los. Tuinenga-en-dy pakten in rappe foarsprong en stiene mei skjinne seis foar yn it earste earst. Dochs komt it partoer Sijbrandij werom en pakke se it earste buordsje.

Trefwurden: 
keatsen frouljus PC Weidum
(Advertinsje)
(Advertinsje)